Online help jaan en fergaderje

Yn dizze koronatiid jout SeniorWeb Súdwest Fryslân les en help oer it algemien online. Mar ek de gearkomsten op de lokaasjes gean meastentiids online, lykas ek de gearkomsten fan de frijwilligers. Dizze gearkomsten binne twaris yn it jier en yn sa’n byinoarkommen ferskine de foto’s fan de frijwilligers dy’t meidogge op it komputerskerm en kin elts syn of har sechje dwaan.
It is eefkes wennen, mar bestjoer en frijwilligers binne al sa thús mei dizze foarm fan fergaderjen, it jout net folle problemen mear. Salang as de koronamaatregels jilde gean we op dizze wize troch oant de versoepeling fan de regels oanlieding jout om wer letterlik om de tafel sitten te gean. Dat hat dochs sa syn foardielen!