De stifting Seniorweb Zuidwest Friesland

Offisjele nammeStichting SeniorWeb Zuidwest Friesland
KvK nûmer01108626
Tel.nû. / e-mail0513 785 898 / info@seniorwebzwf.frl

Gearstelling bestjoer:

It bestjoer fan de stifting bestiet út tenminste 5 leden en hâldt tafersjoch op de algemiene gong fan saken fan de stichting en stelt begrutting, jierrekken en beliedsplannen fan de stichting fêst.

De leden fan it bestjoer hawwe ynsicht en ûnderfining op bestjoerlik, organisatoarisch en finansjeel gebiet, dat se ynsette foar de stifting SeniorWeb Súdwest Fryslân. De leden steane sûnder betingst en betrouber achter de doelen fan de stichting en beoefenje gjin oare funksjes dy’t as belangeferfrisseling oanmurken wurde kinne.

Derneist binne sy goed yntegreare yn de Fryske maatskippij en hawwe draachflak by relevante groepearringen.

Foarsitter: P. de VlugtSkriuwer: J.C. BouterPonghâlder: L. Kooistra
Regio Balk: E. KammingaRegio Boalsert: R. YedemaRegio De Jouwer: K. Hitman
Regio De Lemmer: R. TazelaarRegio Makkum: P. de VlugtRegio Snits: L. Slippens
Regio It Hearrenfean: J.C. Bouter

Beleanningsbelied:

De bestjoerders fan de stifting ûntfange allinnich in fergoeding foar makke ûnkosten. Sy ûntfange gjin fergoeding foar it bywenjen fan gearkomsten.

De stifting hat as doel:

  • it befoarderjen fan de partisipaasje oan nije ûntwikkelingen op it mêd fan ynformaasjetechnology fan senioaren en organisaasjes en ynstellings dy’t mei en foar senioaren wurkje;
  • it ferrjochtsjen fan alle fierdere hannelingen, dy’t mei it hjirfoar neamde yn de romste sin ferbân hâlde of derta befoarderlik wêze kinne;
  • it doel is net it meitsjen fan winst.

De stifting besiket har doelen ûnder mear te ferwêzentlikjen troch:

  • it stimulearjen fan de ûntwikkeling en it brûken fan nije tapassings fan ynformaasjetechnology, mei as doel de fergrutting fan de selsstannichheid, ûnôfhinklikheid en partisipaasje fan âlderen yn de maatskippij;
  • it bieden fan in kwalitatyf goed oanbod oan opliedingsmooglikheden spesjaal foar de âlderein, mei namme de ynrjochting en ynstânhâlding fan learsintra, rjochte op it brûken fan telematika;
  • it opdwaan fan de nedige middels;
  • it besteegjen fan de troch de oerheid en oaren ta foldwaan stelde middels.

Ferslach aktiviteiten ôfrûne jier:

Aktiviteitenferslach seizoen 2020/2021