
Us misje is de digitale feardigens fan safolle mooglik senioaren (50+) yn Súdwest Fryslân fierder te stimulearjen en te stypjen, sadat se folslein profiteare kinne fan it gemak en de wille dy’t de digitale wrâld harren biedt.
Us wurkgebiet beslacht de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.
Wy wurkje út 7 lokaasjes: Balk, Boalsert, De Jouwer, De Lemmer, Makkum, Snits en It Hearrenfean.
Wy dogge dit mei in entûsjaste groep fan 40 aktive frijwilligers dy’t digitaal saakkundich binne en dy’t jo graach helpe en advisearje. Jo kinne sels gebrûk fan meitsje fan ús tsjinsten as jo gjin lid binne fan SeniorWeb.
Wy helpe by it wurkjen mei kompjuters, tablets, laptops en mobile tillefoans. Derneist fansels, ek mei it brûken fan ferskate programma’s en apps op dizze apparaten.
Wy hawwe saakkundigen foar apparatuer mei Windows, mei it Android-bestjoeringssysteem (bgl. Samsung) en mei iOS (Apple). As in sekere spesjaliteit op in lokaasje net beskikber is, sille wy help regelje fan in oare lokaasje en oars kinne jo fertrouwe op de help fan ‘e nasjonale organisaasje fan SeniorWeb.