
Ynrinsprekoere
Fan septimber oan maaije ta kin men alle wiken fergees terjochte op it ynrinsprekoere yn de bibleteek. Jo binne dan fan herte wolkom foar advys en/of fragen oer it brûken fan jo kompjûter, laptop, tablet of mobile telefoan. Ús frijwilligers helpe jo graach, want ús missy is om senioaren te helpen digitaal mear feardich te wurden en feardich te bliuwen.
Kontrolearje hjirûnder wannear’t jo lokaasje iepen is.
Bystân op ôfspraak bliuwt altyd mooglik.
Nim hjirfoar kontakt op mei de lokaasjekoördinator.
Klik hjirûnder op it logo fan jo foarkarlokaasje om in aktueel oersjoch fan de mooglikheden te besjen.
Help op maat
Ien-op-ien ynstruksje op basis fan jo persoanlike winsken/learfragen neame wy “Help op maat”. Dit kin likegoed persoanlik, by jo thús of op ús leslokaasje, as ek op ôfstân (online). Jo kinne sels oanjaan wat foar jo gaadlik is. In searje lessen oer in spesifyk ûnderwerp (bygelyks Windows 10, Whatsapp of in fotoboek) is grif te bepraten.
Nimme jo online-help foar kar, dan makket ús frijwilliger nei telefoanysk kontakt mei jo in befeilige ferbining mei jo kompjuter en kin dan mei jo mei sjen en jo advisearje. Dy wize fan helpen hat troch de koroanamaatregels al faak fertuten dien.
Foar “Help op maat” kinne jo in ôfspraak meitsje op het ynrinsprekoere of fia it kontaktfoarm op dizze webside. De kosten foar “Help op maat” binne € 7,50 per kear. Jo kinne dit oerdrage nei NL67 RABO 0325 5715 89 op namme fan Stichting SeniorWeb Zuidwest Friesland.
Klik boppe op it logo fan jo foarkarlokaasje om in aktueel oersjoch fan de lesmooglikheden en kursussen te besjen.
Tegearre mei jo sykje wy nei wat foar jo it bêste resultaat opleveret en hokker oplossing it bêste by jo passet.